Ekonomyske ramp

No, as it in bytsje meisit, dan stjoer ik hjoed, of oars moarn myn nije bondel op. Dan bin’k der mar ôf.

En dan mar ôfwachtsje! It wurdt in útjouwer (yn de Fryske situaasje alteast) hast ûnmooglik makke om in dichtbondel út te jaan. De subsydzjekraan wurdt stadichoan tichtdraaid. En komt der gjin subsydzje, om’t guon ‘kenners’ neat fan myn poëzij begripe wolle of myn kop net lije meie… Dan komt it boek gewoanwei net út.

Dat soe in persoanlike, mar ek ekonomyske ramp foar my betsjutte. Lykwols: ik gean troch oant ik der by delfal. En faaks falt it ek wat ta.

Jûn mar wat nustjes oppeuzelje

Trackbacks & Pingbacks 1

  1. From Provinsje wol ôf fan de Fryske Literatuer at Cornelis van der Wal on 18 Sep 2010 at 13:49

    […] hie it der ferline wike al oer, en it is no ek ta de skreaune parse trochdrongen: de Provinsje wol dus definityf ôf fan […]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *