No minsken, moarn is jo favorite dichter te beharkjen by Omnium, Omrop Fryslân. It petear giet oer myn boekekast(en). Ik nim it ek wol efkes op, en set it earne del. Dochs moai fan de Omrop. En dan mar hoopje dat Karen Bies moarn myn namme goed útsprekt. It is van der Wal, en net van de Wal. Mei in rrrrrrrr dus.
En wolle jo graach stedsdichter fan Boalsert wurde? Klik dan hjirre. Sil ik sollisitearje? Wêrom net? It is mar in lyts eintsje fytsen.
Ja, jo hâlde it literêre nijs allinnich goed by wannear’t jo geregeld ensafh.nl besykje. Moat alle dagen, en de side wurdt de hiele dei troch bywurke. Freed wer in nije ôflevering, nei in lang simmerskoft.
Ik waarmje jûn in soarte fan Nasy op. Slaad derby.
Nee, ik hew € 50.000 fan de Omrop kregen!
Ja mar Cor, it moat wol wer sawat fergees, altiten itselde!!!!!!!!!