Yn dizze Moanne fan It Fryske Boek kinne jo alle dagen in soarte fan blochke fan meiwurkers fan Tresoar lêze. Diskear is Wieke de Haan oan bar, mei in stik oer de (aspirant) Fryskskriuwer.
Yn dit tige *kuch* nijsgjirrige stikje gjin wurd oer it skriuwen as keunst-utering, de klam wurdt folslein lein op it boek as kommersjeel produkt. En fierders ‘tips’ hoe’t jo josels ferkeapje moatte as skriuwer. In pear sitaten:
‘Betink dat it der net allinne om giet in boek te skriuwen, mar dat it der foaral op oankomt hoe’t it yn ‘e merk set wurde kin.’ Gjin keunst, mar in produkt dat yn ‘e merk setten wurde moat. Koartsein: foaral gjin dichtbondels skriuwe!
‘Sadelje de boekhannels net op mei ûnferkeapber guod. Gean earst ris nei De Slegte en sjoch hoe’t it nèt moat en hokfoar boeken gjin fraach nei is.’ Tsja… Dêr stiet oars moai guod, by de Slegte.
In tip dy’t ik jo dochs wier ôfriede moat is dizze: ‘Probearje datst mei in ynterview yn in Frysk tiidskrift komst. Ast gelok hast komt Sietse de Vries by dy foar in stik yn de freedsbylage fan de LC.’ Wannear’t Suertsje de Vries wat op jo tsjin hat, dan ferdraait er jo wurden, transfoarmearret er yn in rioel-sjoernalist. Dat tink derom, skriuwerke…
Ik haw ek noch in tip foar de aspirant Fryskskriuwer. Soargje datst in baan by Tresoar/It Fryske Boek krigest, dan kinst dysels alle jierren wer op it programma fan de boekejûnen sette, dan kinst dysels fia dyn kanalen en konneksjes yn ‘e merk sette om dyn eigen boeken te promoaten. Dat kostet dysels neat. De belestingbeteller draait der foar op. Mar it ferkeapet al lekker.
Koartsein: doch as Wieke!
UPDEET: ik haw noch in linkje ûnder boekejûnen oanbrocht. Sjoch hjirboppe. En ik haw der noch in sin oan fêstplakt. Fierders stiet de webmaster fan Tresoar net ta dat ik in reaksje achter lit op Wieke de Haan har skriuwsel.
Jûn mar in pizza of sa.
Comments 1