Stien op ‘e Kaart

Nee, hjoed mar net nei de Stien, ik kom der net oan ta. Haw mysels in deadline oplein, wat in poëzijbesprek oanbelanget. Ik sei lêst dat der net sa’n soad poëzij mear útkaam… Mar dat is net sa… Juster in pakje mei fjouwer boeken binnen krige. Sil der oare wike mei oan ‘e slach. En der binne noch wol in stik as 5 nije bondels ferskynd, dat ik hoech my net te ferfelen.

De útjouwer is oars tige te sprekken oer myn nije bondel (de titel hâld ik noch efkes foar my), dat de prosedure’s binne yn gong setten.

Wannear’t yndied de Provinsje yn ‘e takomst it útjaan fan bygelyks dichtbondels ûnmooglik makket, wannear’t de Fryske Literatuer net wichtich genôch achte wurdt om te stypjen, dan soe in oprop ta in skriuwersboycott fan Fryslân Kulturele Haadstêd wol op syn plak wêze. Jannewietske har boartersguod moat har mar ôfnommen wurde. It is allinnich mar ‘it harsels op ‘e kaart sette’ wat ús Deputearre oanbelanget. Dus: net oan meiwurkje oan dy jildfergriemeraasje!

Jûn nasy opwaarmje.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of