Al wer in foarsizzing goed

Sei ik it juster net? De sjuery fan de #twicht wedstryd hat in Hollânsktalich gedicht útsocht, fan toenwasradio. No, fan herte lokwinske!

Dochs spitich dat de sjuery myn oangripende:

O Tresoar jou my dy spjelde
ik sjong fan bosk en fjilden
allinnch mar om mei dat ding te stekken
yn de kontsjes fan ús Fryske Helden

net útsocht hat. Of in oarenien… It is wol wer in klap foar myn ego fansels.

Ik wie hjoed yn Bears, by de útrikking fan de Relyprizen. Moarn tink mear dêroer.

Ik sil hin mei patat en eartsjes ite. Dus.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *