Oer op it Hollânsk

Ha goeie. Ik wit net oft ik der sels bywêze sil, want faaks moat ik dan spuie, en dat is net sa fatsoenlik, no, yn it iepenbier: mar no woansdei sille de Steaten ûnder oaren beslisse oer de takomst fan it skreaune Frysk. En, faaks wat dramatysk, mar sa lizze de saken, se beslisse ek oer myn takomst as Frysktalich dichter. Want as ik gjin boeken mear útbringe kin yn it Frysk, dan gean ik oer op it Hollânsk. Dat sil efkes wennen wêze, mar it is ek wol in aardich taaltsje, dat Hollânsk.  Jo komme der net sa fier mei, dêr hawwe jo ek wer gelyk oan.

Oet taaltsjes sprutsen: de Leeuwarder Courant skriuwt yn de Sneonsbylage dat wy hjir gjin Frysk prate, mar Noorderlands. Dat wist ik net. Tank foar de ynfo, krante.

Haw ôfpriisd bakje opwaarme.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
trackback
11 years ago

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]