Besprek de Moanne, Jiergong 9, nû. 7 Mei Rapportsifers.

Ja, gau foardat der wer in nij nûmer is. En tink derom, frou Digi Beetstra: op de linken klikke hin, dit is ynternet witte jo wol.

Jaap Louwes stiet mei syn troanje op de foarside. Net echt trochlibbe, dy kop. Hy moat wat mear drinke, of oan de oare drugs gean. Dat soe syn sloppe ferskes faaks ek wat mear djipgong jaan. In 4.6.

It begjint daliks al ferkeard: in kollum fan in sekere Joop Atsma, dy’t yn in kabinet sit dat gedoochd wurdt troch neo-faksisten. Fan sa’n fout figuer wol ik gjin letter lêze. In 0.1.

Aardige kollum diskear fan Grytsje Schaaf. Oer de leafde en soks. Mar kin ien my no ris útlizze wat der mis is mei wite sokken. Ik begryp it gewoan net. In 7.1.

Dan in moai I.M. fan Ernst Bruinsma oer André Bralts. Wy sille him misse. In 8.3.

It petear fan Karen Bies mei Jaap Louwes hat net folle om ‘e hakken. It sjongerke makket foar syn wurk ûnder oaren húskes skjin. Dat sil grif in soad ynspiraasje opleverje. In 5.7.

Moai gedicht fan Baukje Wytsma nei oanlieding fan it ferstjerren fan André Bralts. In 7.8.

Treflike kollum fan Bralts, oer syn fakânsje yn Denemarken. Dêr haw ik dit jier ek efkes west en dêrom in 9.7.

Wol moaie bernefoto’s fan Trynsje Nauta, in 8.2.

It ferhaal fan Margryt Poortstra haw ik gjin nocht oan, mar dochs, foar de muoite: in 6.9.

In petear oer it FPO. Dus. in 5.4.

Aardich stikje fan ensafh-redaksjelid Johannes Beers yn dizze nije Moanne. Oer Ulbe van Houten syn Haitze Holwerda. Dat boek haw ik nea lêzen, want dy kop fan Van Houten stiet my net oan. No dan: in 7.1

Huub Mous syn iepeningsspeech fan de tentoanstelling ‘Beroerd landschap’ stiet der ek yn.  ‘In het landschap ervaren we niet alleen onze diepste identiteit, maar ook onze mate van welbevinden en soms zelfs een richting of focus in het leven zelf, …” Ensafuorthinne. In 6.9.

Ek de kollum fan Karen Bies giet oer André Bralts. Dêrom in 7.1.

Seis gedichten fan Elske Kampen. Steane dizze ek yn har debútbondel? Dy haw ik noch net krigen. Sterk wurk: in 8.3.

Ate Grypstra levere in besprek fan Thys Wadman syn  jeugdboek  ‘De oerwinnings fan Tido Houtsma’. Alwer – it is in goarre yn Fryslân op ‘t heden – in foarbyld fan in foute titel. Fierstente âldfrinzich en te lang. En dy namme fan dat jonkje is ek âldfrinzich. No sa. In 7.4. Foar it besprek dan.

In stik oer Museum Willem van Haren, skreaun troch de wrâldferneamde Frédérique van der Palm. Boeie! In 5.4.

In oersaai petear mei de oersaaie dr. Alex Riemersma. Oer Frysk ûnderwiis, wol’k leauwe. Ik haw der gjin nocht. In 5.1.

Net ûnaardich stikje fan Sjoerd Bottema. Der komt in Pytsje yn foar. Myn kat hjit ek fan Pytsje. Dat is in hiele leave kat. Dêrom: in 8.1.

Prachtich stikje fan Hans Dilling oer Jannes van der Wal, de dammer. Dy haw ik yn Grins wolris troffen. Hy sei op strjitte ris ‘hoi’ tsjin myn. Nee, gjin famylje. In 9.4.

Wol nijsgjirrich stikje fan Geart van der Meer oer Frederick Manfred, Frysk skriuwer yn Amearika. Dat soene mear Fryske skriuwers dwaan moatte: nei Amearika fertrekke. En dan bedoel ik: no daliks. In 7.5.

En ta beslút in aardich stikje fan Huub Mous oer typografy: in 7.0.

Ik tink dat ik jûn mar in grutte panne mei stampot meitsje, want ik sit krap yn it jild. Dus.

7
Leave a Reply

avatar
7 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
4 Comment authors
KnillesMiriamGeartKnilleswww.ensafh.nl Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Geart
Guest
Geart

Dan wit ik dus no fuortdaliks dat ik net in echte keardel bin. Ik haw sawol wite sokken as sandalen…

Miriam
Guest
Miriam

Wat kostet no mear tiid, it skriuwen fan dit stikje of it sykjen fan al die (masterlike) linken? 🙂

No efkes oer de wite sokken. Dy steane foar in beskaat soart man, de wiskundelearaar, de boekhâlder, pake, ensfh. Begripe jo wêr’t ik hinne wol? At jo in bytsje serieus naam wurde wolle as fint -as echte keardel-, dan soe ik de wite sokken mar thús litte (en de sandalen dan fuort ek mar…).

Geart
Guest
Geart

Nee, dêr snap ik ek neat fan!
It is wol werkenber yn ‘e sin dat myn faam it ek net op wite sokken hat. Mar wat it probleem is? Al slachst my dea.

Knilles
Guest
Knilles

Ha Geart! Mar dy wite sokken, snapsto dat?

Geart
Guest
Geart

Hey Knilles,

Ik himmelje ek plee’s as bybaantsje. Moatst al op rekkenje dat soks in grutte ynspiraasjeboarne is. 🙂

Groet en oant sjen,
Geart

trackback

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]