De fêste lêsten en rankune

Jûn live op radio 4 Die Walküre út Eanske (Enschede) wei. Ik hie der graach by west, ferline jier wie ik al by Das Rheingold. Dêr haw ik hiele goede herinneringen oan. Mar it mei my net barre, haw krekt genôch om de fêste lêsten en iten en drinken te beteljen, dêrmei hâldt it wol op.

Wy wachtsje yntusken op berjochten fan it subsydzjefront: sille de grutte geasten geunstich oer myn nije bondel beskikke? Spilet  rankune, yn kombinaasje mei klearebare stupiditeit wat poëzij oanbelanget, faaks de earste fioele? Of sjoch ik it allegear te negatyf? Der sille grif yntegere lju tusken sitte, jo moatte it mar krekt treffe.

En, wa bepaalt eins wa’t der yn sokke kommisjes komme te sitten? En wêrom wurd ik nea frege? It binne yn elts gefal altyd wer deselde koppen.

Oars wurdt it mar in e-boek, fergees del te laden. Of ik set it oer yn it Hollânsk.

Stampot rauwe andyvje mei hamburger.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of