Akademyske Bamy

Drok dwaande mei in poëzijbesprek, dat in bytsje koart om ‘e hoeke hjoed.  Ik haw al in aardich steapeltsje nije bondels krigen, mar der binne ek útjouwers dy’t it blykber net sa wichtich fine dat harren útjeften besprutsen wurde, alteast: se stjoere se net nei de krante ta. Sels mar witte!

Ik seach dat Durk Gorter oan kant setten is as kollumnist by de Ljouwerter Krante. Dêr wie ek net foar in heale sint oan. Joke Corporaal folget him op. Yn har earste kollum hat se it oer har eigen boek. In bytsje reklame foar josels, dat moat kinne no, yn dizze barre tiden. Oars wol in aardich stikje fan dit akademysk foarme frommeske. Ik wit wier net wêrom, mar wannear’t wy inoar moetsje, dan docht se altyd tige fijannich. Wat haw ik misdien?

Jûn bamy opwaarmje, lytse lûmpia’s bakke.

Comments 2