Delladen swetser

No, ik sil aansens wer in delladen Wallander sjen. In prachtige searje. En dêrnei wer fierder yn de al like skitterjende biografy oer Allen Ginsberg. Net dat ik dat no sa’n hiele geweldige dichter fyn, ôfsjoen fan ‘Howl” dan, mar dy hiele Beat Generation, dat wie wol wat. Wa set ‘Howl’ ris oer yn it Frysk? Of moat ik dat wer dwaan?

‘Foar minsken dy’t net wachtsje kinne om te helpen: noch efkes geduld. Us organisaasje is krekt úteinset en d’r moatte noch wat saaklike dingen regele wurde.’

Komt dizze tekst jo bekend foar? Yndied, de jildfergriemende megalomanen fan bestjoerlik Fryslân hawwe de site Fryslân2018 online setten. D’r D’r D’r Der binne al tsientûzenen Euro’s útjûn, allinnich al oan dy swetser, dy’t it net nedich fynt om Frysk te learen.

En wylst wurdt it foar in útjouwer hast net mear mooglik en jou in Frysktalige dichtbondel út. En dan kinne der ek gjin wurkbeurzen mear oanfrege wurde. En bliuw ik yn de útkearing  sitten.

Haw makaroany iten, in ôfpriisd bakje.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Martsje
Martsje
11 years ago

Spitich, mar wier. Der binne útjouwerijen dy’t it oandoare en freegje fan de skriuwer in bydrage fan grou 5000 euro om in boek út te jaan en dan ha wy it oer in oplage fan 1000 boeken. Sil ek mei de kultuermalêze fan dwaan hawwe, of mei it nea-ôflittende ferlet de eigen ponge út’e foegen knappe te litten? Ûnfoech.

Grutte Pier
11 years ago

Jo lêze myn site goed, no.