Ja leave berntsjes, ik haw wer in eintsje te fytsen west. Kinne jim riede wêr’t ik west haw? Sjoch mar ris goed nei de foto’s… En it waard dan dochs wer in literêre fytstocht, want yn de supermerk fan Skearnegoutum trof ik de ferneamde skriuwster Marga Claus. Is’t net apart? No aansens allegear lekker sliepe hear!
Sil jûn kibbeling mei bakte rjappels en raukost ite.
Bêst genôch André, kinst de Priis hjir wol ophelje… Faaks dan in berjocht jaan fia it mailformulier ast yn ‘e buert fan Snits bist? It feedback-ding, links…
Jeu, win ik sa mar de ferlotting!
(It doarpke op’e foto is wol hiel lyts, en it tsjerkje te grut om bygelyks Westhim te wêzen. Mar goed, om’tst skriuwdest oer Skjinnegoutum hie ik al troch yn hokker hoeke ik it sykjen moast.)
Meikoarten bin ik wol wer ris yn’e buert fan Snits. Moat ik de priis mar efkes op komme helje, tink.
Hielendal goed André! Ik haw noch in steapeltsje fan dit boekje… Dat is de priis. Dat wol sizze, net dy steapel, mar dat boekje.
No, dat liket wol Lytsewierrum.