Oesdrip!

Minsken, ik haw net in soad tiid… Moat jûn noch in kollum foar de tekst-tv skriuwe.

Mar… wat siet der yn de mail, doe’t ik fannejûn weromkommen wie fan in drôf, mar yndrukwekkend barren yn Gaasterlân? Trije kear riede. Yndied, as taheakke fûn ik de nije Oesdrip, it Orgaan fan it Skriuwersboun. Wêrom? Stie der faaks wat yn dat…

Ik sil it pdf-ke ris iepenje. Mar hoopje dat se der gjin firuske ynstoppe hawwe…

No sa, it is dúdlik. It Boun hat goed har bêst dien wat de subsydzjes en sa oanbelanget. Ik nim myn bloch fan ôfrûne sneon werom, ik hie gjin gelyk. Dat komt foar. Ik jou myn flater ta. Dat soene oaren ek ris dwaan moatte.

Snert en pankoeken mei spek.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of