Ut het nooit wat weest…

Wat in klap foar de Ljouwerter amtners: sûnt ferline wike is it net mear mooglik om op de eigen wurkkeamer in lekker bakje kofje te setten. Alle kofjesetapparaten binne op brute wize yn beslach nommen, en ien amtner, fan de ôfdieling Grûnsaken, spruts sels fan in razzia.

Ik fyn it in goede saak. Nei it drinken fan ien bakje kofje sitte jo al daliks fol mei kafeïne en kafeïne is in drug. En fierders is kofje in fan oarsprong islamityske drank. Dat it is net mear as terjochte dat Geert Wilders dizze wantastannen no einlings ris oanpakke wol, te begjinnen yn Ljouwert.

Stanley Menzo hat yn de twa jier by Cambuur ien Liwwarder sintsje leard: ‘Ut het nooit wat weest, ut sal nooit wat wurde.’ Ynstee fan ris goed syn Stanleymes yn de seleksje te setten naait de eardere show-keeper mei de bynamme ‘De Grabbelaar’ út nei Vitesse.  Menzo wurdt no betelle troch in dubieus mantsje út East Europa. Oer trije jier wol Vitesse kampioen wurde. Fan de Jupiler Leage. Stanley Menzo: ut sal nooit wat wurde.

Mar der is ek goed nijs: it romrofte kafee ‘de Spoekepôle’ yn de Sint Jacobsstrjitte is wer iepen, no ûnder de namme ‘Spoek.’ It wie yn it ferline sa, dat wannear’t jo dêr freedtemiddeis jo kop net sjen lieten, dan hearden jo der net by. It publyk wie in miks fan artysten, studinten, bohemiens, amtners en lokale politisy, en der waard omraak netwurke, ek op eroatysk mêd. It is fansels noch mar de fraach oft de âlde gloarje ea weromkeare sil.

Ik haw der noch net west, yn ‘Spoek.’ Earst moat dat kofjesetapparaat fuorthelle wurde. Geert, doch der wat oan!

4
Leave a Reply

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
3 Comment authors
GeartMartsjedaamwww.ensafh.nl Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Geart
Guest
Geart

Yn Grins mei der ek gjin kofjesetapparaat (of beertender) meinaam wurden. Se skowe it ûnder brângefaar, wat fansels de reinste ûnsin is, omdat je dan ek de kompjûters útskeakelje moatte soene. Se wolle der gewoan sels oan fertsjinje.

Martsje
Guest
Martsje

Lit se dy kofjesetapparaten ek mar fan it saailân fiskje: faaks dat der dan ris trochwurke wurdt?
Jildfergriemen, dat ist. Wy rêde ús poerbêst sûnder ekstra parkeargaraazje. De ûndergrûnse fan Ljouwert hoecht net grutter, of moat der noch mear fuortmoffele wurde? Tenei it hiele provinsjehûs dêr mar ûnderbringe. Ûnder it saailân bedoel ik. Binne se krekt wêr’t se hearre. Faaks wol Robert Veenstra noch in bybaantsje ha? As haadtrener fan Cambuur? Mei syn jiersalaris by Stenden kin er de hiele seleksje opkeapje… Nee, it wurdt noait wat!

daam
Guest

Epke miste in tsiende. Kommageneuk. Bobopraat. As bobo hie ik as ik dy west hie in ‘n’ efter ‘Jupiter Leage’ set.

Ik jou ta: it is in detail. Mar wy moatte allegear wat fertsjinje, no?

trackback

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]