Freed net mear fergees

Hmm…. de besikersoantallen binne de ôfrûne dagen net botte heech. Ik tink dat in soad fan myn trouwe lêzerkes mei fakânsje binne. Fakânsje, wat wie dat hast ek al wer…

It is spitich dat de Freedsbylage fan de Ljouwerter Krante net mear fergees by de iepenbiere bibletheek mei te nimmen is. Ik haw ris by de byb ynformearre hoe en wat, mar se wisten it net. It sil wol besuniging wêze. It skeelt my yn elts gefal 1, 50 yn ‘e wike.

Fyn de kollum fan Joke Corporaal diskear net in soad oan.  Pieter de Groot is altyd goed, al sjocht er, wat Frysk kabaret oanbelanget Duo von Däniken oer de holle. En fierders is Jetske Bilker wol wat al te konsertvatyf en moralistysk yn har besprek fan Einte Prins syn roman. It kweken fan wietplanten wurdt troch har as in ‘misstap’ besjoen. Ik soe sizze: stek der noch ien op!

Jacob Haagsma hat in hiele goede muzyksmaak. It slagget my net mear om alles by te hâlden, dat de Swans wer byïnoar wiene wist ik bygelyks net. Daliks de nijste cd binnenhelle. Sil no ris in stikje harkje… No dat hakt deryn.

Sil de kopij foar ensafh nochris goed trochlêze, moarn de earste gearkomste mei Knilles as redakteur… Kin moai op de e-reader sokke teksten.

Der stiet ek wer in nagelnije digitale ensafh online.

Haw nasy opwaarme, mei Lûmpia.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of