Selsbeneamd hillichferklearre ekspert

No, leave lêzerkes, de klok al lyksetten?

Se rinne yn literêr Fryslân net oeral like lyk:

Fan ’t winter sil der in rige fan fjouwer lezings organisearre wurde by Tresoar, der’t saakkundigen in algemien oersjoch en in persoanlike wurdearring fan de Fryske literatuer yn it nije millennium yn biede sille. Dus net allinne: wat is der ferskynd?
Mar benammen ek: is it de muoite wurdich? Efterinoar sille Hylke Tromp, Bouke Oldenhof, Alpita de Jong en Doeke Sijens in persoanlik oardiel jaan oer de sjenres der’t se yn it Fryske literere fjild algemien as ekspert yn jilde.

Hjir mear ynfo oer dizze lêzingen.

Stean my ta om hjir wat krityske kanttekeningen by te meitsjen. Benammen de sin ‘… dêr’t se yn it Fryske literêre fjild algemien as ekspert yn jilde” ropt oan dizze kant wat fragen op. It Fryske literêre fjild? Wêr fyn ik dat? Koördinaten graach. Algemien? Wa binne dat? Ekspert? Wa bepaalt dat?

Hylke Tromp, om der mar ien út te pikken, is in selsbeneamd ekspert yn de Frysktalige literatuer, en dizze kwalifikaasje wurdt sûnder fierder neitinken en ûndersyk oernommen troch syn kollega-akademisy. Ja, ik haw it al earder skreaun, mar wannear’t jo ôfstudearre binne, dan stiet dat yn Fryslân sawat gelyk oan in hillichferklearring.

Der heucht my noch in ‘resinsje’ fan Tromp, yn de Hjir neffens my, oer in bondel fan Albertina Soepboer. De helte fan dat ‘besprek’ gie oer Tromp syn kat. En fierders lulde er der mar wat om hinne, it gie hielendal net oer it boek. En wat hat de man no eins publisearre? Ien lyts kudtboekje. En wêr bliuwt dat essay? En dy roman?

Ik haw my ris, it wie op de lêste Dag van de Friese literatuur , kritysk útlitten oer de speeches fan Tromp, ‘dy hâldt noait wer op’, sa sei ik wat al te lûd, want ús Hylke hie it heard. Tromp naam letter fia It Fonds voor de Letteren wraak, hy woe my gjin wurkbeurs jaan.  Ja, jonges en famkes, sa giet it by de eksperts fan de Fryske Literatuer.

Litte wy oer de oare sprekkers mar swije. Utsein it weakdier Bouke Oldenhof jou ik se it foardiel fan de twifel.

It kostet € 5, -, sa’n lêzing. Tromp syn praatsje moat ik fansels net misse!

Sil fannemiddei nei Super de Boer om boadskippen.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
0 Comment authors
www.ensafh.nl Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
trackback

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]