Jildfergriemerij!

(earder ferskynd op text tv)

Fryslân 2018

Op www.fryslan2018.nl stiet sûnt koart te lêzen:

“Fryslân hat de ambysje om Kulturele Haadstêd fan Europa te wurden yn 2018. Hoe? Troch ien fan de alve stêden as baanbrekker foar de hiele provinsje te kiezen en alle Friezen meidwaan te litten.” Dy iene stêd is, hoe betinke se it, fansels Ljouwert. Mar, sa frege ik my ôf, is dit stribjen einlings wol bekend by de ynwenners fan Ljouwert? En, foarsafier de Ljouwerters hjir fan witte, rinne se der ek waarm foar? My tinkt fan net.

De saak is fan it begjin ôf oan folslein ferkeard oanpakt troch de provinsje, krekt as by it folslein mislearre ‘feest’, dat Fryslân 500 hjitte, wurdt ek hjir net oan de boargers frege oft der wol ferlet fan sa’n manifestaasje is. Alles wurdt fan boppe ôf oplein, ek de keunstners sels wurdt bygelyks neat frege. It hat der in soad fan wei dat deputearre Jannewietske de Vries goede sier meitsje wol mei dit prachtige idee, se wol tink graach yn de spotlights stean.

It skynt sa te wêzen dat der besunige wurde moat. En, om’t it kultuerbarbarisme tsjintwurdich foar master opslacht, kriget benammen de kulturele sektor de grutste klappen. Biblioteken moatte harren doarren slute, subsydzjes foar Frysktalige skriuwers wurde ferlege, it keunstsintrum Parnas yn Ljouwert moat fuort, muzykskoallen moatte ticht…

It budzjet foar Fryslân 2018 wurdt fansels net op koarte, want dat is it persoanlike boartersguod fan ús deputearre, en net ien doart it har ôf te pakken.

Yn de tuskentiid reizget ‘kertiermakker’ Henk Keizer de hiele provinsje troch en praat him de blierren op ‘e tonge. Keizer, ek wol ‘praatsjemakker’, ynstee fan ‘kertiermakker’ neamd, moat draachflak foar dit yn myn eagen folslein ûnrealistyske plan kreëarje. Dat de man it Frysk net behearsket is blykber gjin probleem.
Efkes tusken heakjes: wêrom bellet Keizer no noait ris by my oan? Jo soene der hast in minderweardichheidskompleks fan krije…
Yn de tuskentiid is Omrop Fryslân al omkocht troch Deputearre Steaten, de Omrop moat Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 goed yn de merk sette en hat dêr in pear tonnen foar krigen. Dêr is dus gjin objektive ferslachjouwing mear fan te ferwachtsjen, wat dit ûnderwerp oanbelanget.

Stopje yn de goedichheid daliks mei dizze ûnsinnige, megalomane jildfergriemerij en ferdiel it frijkommen jild oer de kulturele ynstellingen dy’t no yn harren bestean bedrige wurde. Krij Jannewietske har boartersguod ôf foar’t it te let is!

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of