Aai mei tomaat

Ut tige betroubere boarne hearde ik dat de moasjes fan it Skriuwersboun (sjoch juster) net yn stimming brocht binne, der is allinnich meidield dat de oprop fan it Boun ûntfongen is en dat se it trochstjoerd hawwe. Faaks hellet dat krantestik wat út. Foar de goede oarder: ik stean yn dit stik fan saken hielendal efter it Boun, dat wol sizze: net efter dat Fryslân 2018 gedoch fansels.Ik haw ek neat op it Boun an sich tsjin. Der soe wat saneard wurde moatte yn it Haadbestjoer, en dan binne wy allegear wer freontsjes. En graach ek noch in stikmannich mea culpa’s fan dy kant, dan prate wy nearne mear oer.

Bliuwt foar my wol de fraach: hoe sit dat mei dat potsje jild foar Fryske útjeftes? Wêr fyn ik ynfo?

Ik haw my al opjûn foar de lêzing fan Hylke Tromp oer in pear wike. Dat kin hjirre. Soe Hylke it ek oer my hawwe? Dat wol ik fansels graach witte, en dêrom kom ik ek,  ik jou it earlik ta. Ik sis ta, dat ik gjin rotsjende aaien, tomaten of oare bommen meinimme sil.

Aansens patat mei hamburger en slaad.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *