Nostalgy: Go-Gol, Erosmos, Kistwurk… (+update) +(noch in update)

Aansens komt der wer in nije ôflevering fan ensafh online te stean. Prachtich fansels. Mar, jou it no mar ris ta: misse jo it prachtblêd Go-Gol ek sa? Dêr is in oplossing foar: klik hjirre

En Erosmos dan? Ek noch nei te lêzen,  hjirre...

En, jawis, Kistwurk stiet der foar in part ek noch op, mei ûnder oaren de prachtige Schwitteroersetting fan Anne Feddema. Klik hjir.

Sa hawwe Eeltsje, Elske en oaren net foar neat libbe, no.

Update: der stie efkes in ferkearde link by Go-Gol, mar no is it klear. Ek hiel aardich om dy eigenaardige samling plaatsjes wer werom te sjen, ik neamde it doedestiids anty-sem..  ensafh. Mar wy binne mylder wurden, is’t net sa? Of net?

Noch in update:

Net alles is noch te besetten, it argyf is net folslein. Mar benammen fan Kistwurk is der hiel wat bewarre bleaun. Bygelyks de moaie searje Wrâld Finster Gedicht… Ja, dat wie net sa min, dat Kistwurk. Oant dat…

Ek aardich te lêzen: It Farskfoarum… En no net lilk op my wurde, ik bin allinnich mar de boadskipper…

Scil jûn nasy ite, mar priuw noch net sa folle, dat mar ekstra sambal by.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
0 Comment authors
www.ensafh.nl Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
trackback

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]