FNP: kultuerbarbaren

Sa’t jo fansels al wisten binne der hjir yn de nij te  foarmjen gemeente mei de net al te moaie namme Súdwest Fryslân op 24 novimber ferkiezings.

Ha! Sa tocht ik, as nije ynwenner, dan kin ik einlings wer ris FNP stimme, dat sil wol 20 jier lyn foar it lêst west hawwe. Mar, sa’t it no liket, giet dat net troch. Dit nei oanlieding fan de populistyske praatsjes fan FNP listlûker Gerben Gerbrandy yn it Sneeker Nieuwsblad fan 11 Novimber. It liket hast wol Geart Wylders, mar dan yn provinsjaal kabouterformaat.

“De nije gemeente Súdwest Fryslân moat as útgongspunt nimme dat kultuer yn it foarste plak in saak fan de befolking sels is en dat saneamde elitekultuer op it twadde plak komt.”

Koart gearfette: gjin opera mar hoempapa. Earder foel ek al Grien Links, SP en Feriene Links ôf, dy’t krekt as Gerbrandy it nije Theater yn Snits al slope wolle, foardat it gebou der goed en wol stiet.

Wêr moat ik no yn ‘e goedichheid op stimme? Ik bin operaleafhawwer mei in bystânsútkearing. Ja, dat kin. En ik lies yn deselde krante dat der opera’s yn it nije Theater komme. Dat sil dan wol efkes sparjen wurde, mar ik wenje om ‘e hoeke, dan ik kin krûpende werom nei hûs.

Elke partij dy’t tsjin dat theater is, kriget myn stim net. Betink dochs ris wat oars, steltsje kultuerbarbaren!

Waarmje jûn stampot op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of