Nivo oan de wylgen

Oeral yn it lân wurdt besunige op kultuer. De profesjonele keunsten en de amateurkeunst wurde útklaaid troch gemeenten, provinsjes en it ryk. Dat hat desastreuze gefolgen foar de kulturele ynfrastruktuer. Ek yn ús regio!
Op 20 novimber is in LANLIKE AKSJEDEI tsjin de besunigingen. It is tige wichtich om ús stim hearre te litten.
Wat kinne jo dwaan?
Kom op sneon 20 novimber nei Ljouwert en HINGJE KULTUER OAN DE WYLGEN. Nim safolle mooglik freonen, famylje en oare minsken mei.

Oant safier in part fan in parseberjocht. Sympatyk allegearre fansels, want it binne in steltsje kultuerbarbaren, dy’t lanlik en pleatslik mei harren tsiisskaafkes oan it boartsjen binne.

Yn de nije gemeente Súdwest Fryslân seit de FNP, by namme fan Gerben Gerbrandy bygelyks: “De nije gemeente Súdwest Fryslân moat as útgongspunt nimme dat kultuer yn it foarste plak in saak fan de befolking sels is en dat saneamde elitekultuer op it twadde plak komt.” Mei sa’n FNP hawwe jo gjin PVV mear nedich.
En wat leveret soks no oan jild op? Frijwol neat, wat persintaazjes oanbelanget. Skaf dy hypoteekrinte no mar ris ôf, dan binne dizze drakonyske besunigings hielendal net mear nedich.
Mar wêrom moat dizze protestaksje no eins yn sa’n sjenant en ynfantyl jaske stutsen wurde? Noch efkes sitearje út it parseberjocht:

“Nim in lyts ding mei dat symboal stiet foar jo kulturele passy. In skilderskwast, in fioelsnaar, in tekening, in âld muzykboek, in fersketten skelk dy’t foar it pottebakken brûkt is, dy iene prúk fan dy rol yn dat iene toanielstik….
Makket neat út wat. It lytse symboal hingje we aanst mei ús allen ‘oan de wylgen’ yn it sintrum fan Ljouwert. Dêrmei litte wy de kealslach sjen dy’t gefolch is fan de besunigingen dy’t we temjitte sjen kinne.“

Jo meie dochs oannimme dat it yntellektuele peil fan in kultuerleafhawwer wat heger is as dat fan de gemiddelde learling fan de beukerskoalle.

En: “…om 14.00 oere begjint it programma op it haadpoadium, mei optredens fan û.o. De Kast. Op it plein stiet in ‘wylch’, makke troch stedskeunstner Marten Winters. Dêr hingje wy om 15.00 oere hinne yn stilte ús ‘kultuer’ oan. Dêrnei rinne wy fuort. Sa wurdt de kealslach sichtber troch alle kultuerdingen dy’t efterlitten binne.

Sûnt wannear is it patetyske gejank fan de Kast in utering fan kultuer? Of sil Syb syn krollen ôfskeare en dy ek oan de wylgen hingje?

Aksjes tsjin de besunigings stean ik hielendal achter, mar as ik dit allegear lês, en ik sjoch dy freeslike ‘schreeuwfilmpjes’ op ynternet, mei protestearjende akteurs dy’t net in petear oangean wolle, mar daliks begjinne te razen, dan tink ik dochs: hjir wol ik net byhearre. It is allegear fan in nivo… Jo soene hast miene dat de PVV it betocht hie.

Earder publisearre op text tv

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of