Bezoek aan natuurgebied

Der waait in soel wyntsje, de sinne knypeaget fleurich oan de himel. De maityd is wer yn it lân. Wat duorre dy winter lang! Tiid om de fyts te pakken, de natuer is prachtich dizze tiid fan it jier, de beammen krije al wer knoppen, de earste einepykjes en lammen binne sinjalearre.

De bannen fan myn sportfyts sûzje oer asfalt, grintpaadsjes en klinkerts. Fûgels sjonge har ieuwenâlde lieten. It wetter fan de mar klotst tsjin de igge, kristallen wurden yn in sulvertaal.

In pear dagen letter krij ik in brief yn de bus.

Automatische incasso wegens bezoek aan natuurgebied De Brekken op 12-04-2011, van 11:32 tot en met 12:53: € 7,50. Automatische incasso wegens bezoek aan natuurgebied De Alde Feanen op 12-04-2011, van 15:32 tot en met 16:44 : € 7,50. In totaal: € 15,00. Dit bedrag zal binnen vijf (werk)dagen van uw rekening worden afgeschreven.

Earder ferskynd op Text TV

Comments 2