Bondel lûmpia

Ôfrûne woansdei gie it efkes mis by Mercurius, mar dat hawwe wy in oere letter wer moai oplost. Henk van der Veer wie te gast yn myn nederige studio. Henk hat, mei syn karakteristike lûd ek in trijetal gedichten foarlêzen. It is noch net te beharkjen fia útstjoering mist of sa, der wurdt wurke oan de side fan Mercurius. No al Omrop Knilles yn it programmaoersjoch.

Dat der dochs noch wol in bytsje belangstelling  foar myn poëzij is, docht hjir bliken…  Goede saak.

Myn nije bondel komt yn elts gefal dit jier net mear út. Dat is spitich, want dan wurdt de regelmaat trochbrutsen fan alle trije jier in bondel. Mar it leit net oan my! Ik gean der no mar efkes net fierder op yn.

Haw bamy mei lûmpia fan de Aldi iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of