In nije politike partij

Ik jou it ta: ik kin net reedride, ik wegere as jonkje mei myn stive kop om it te learen en letter is it der net mear fan kommen. Ik haw ek gjin ferstân fan keatsen, it liket my hast like dreech te begripen as cricket. Ik kin ek net sile, en haw ek gjin nocht om it te learen, oan al dy touwen lûke, stjoerboard en bakboard – ik wurd al seesiik fan de gedachte.

No is myn fraach: bin ik eins wol in echte Fries? Ik bin net boud as it prototype Fries, dy’t lang en sterk is, mei blauwe eagen. No bin ik wol sterk, en de eagen binne ek blau, mar fierders hear ik by it saneamde pyknyske type. En nee, dat hat neat mei picknicken te meitsjen.

Wikipedia seit oer de lichemstypen:

Het was de Duitse psycholoog Ernst Kretschmer die een indeling van lichaamstypes onderscheidde, waarbij elk type iemand predisponeert tot een bepaalde vorm van psychopathologie:

1. het asthenische of leptosome type (tenger en lang): beschouwend, introvert en pathologisch gesproken neigend tot schizofrenie;
2. het atletische type (grove botten, gespierd): assertief, agressief en pathologisch verbonden met epilepsie;
3. het pyknische type (gedrongen, dik): vriendelijk, sociaal, extravert, maar ook geneigd tot manische depressiviteit.

Ik haw it ferneamde boek fan Kretschmer lêstlyn oanskaft, ik bin sljocht op soksoarte publikaasjes, en ik moat sizze: der sit dochs wol in hiel grutte kearn fan wierheid yn.

Tsjintwurdich wurdt Kretschmer as in soarte fan fantast sjoen, ik lykwols bin bliid dat ik gjin leptosoom bin. Oan sokken hawwe jo neat, dat sit mar yntrovert foar har út te stoarjen de godsgânske dei.
En de echte Friezen, de atletyske types, dat binne dus agressive epileptisy. Sokken kinne jo allinnich mar yn de oarloch brûke, oant dat se skombekjend op de fan bloed trochweakke grûn delsige, en stjerre foar it Heitelân.

Ik haw de knoop trochhakke en tegearre mei buorfrou Oenema in nije politike partij oprjochte. Wat de leptosomen en atletisy dogge, moatte se sels witte.

Wy, as pyknyske minsken, binne better as de rest. De absolute macht komt ús ta. Dat, stim by de oankommende Provinsjale Ferkiezings op List 14: De Pyknyske Folkspartij, Freonlik en Sosjaal. Jo sille der gjin spyt fan krije.

Earder ferskynd op Text TV

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
trackback
10 years ago

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]