It Ritueel

Het versieren van de kerstboom is in Nederland voornamelijk een vrouwelijke activiteit. In acht op de tien huishoudens doet de vrouw dit alleen of gezamenlijk met huisgenoten. Slechts één op de tien mannen versiert de boom in zijn eentje. Maar als de piek geplaatst moet worden, komt één derde van de mannen wel in actie. In huishoudens van zestigplussers zet meer dan de helft van de mannen de piek op de boom. Dit blijkt uit onderzoek van Stichting Buurtlink onder ruim 5000 Nederlanders.

Ik krige wat nuvere assosjaasjes doe’t ik dit berjocht lies. En ik seach in lyts keardeltsje foar my, mei in puntburdsje. Nee, gjin kabouter, mar mear in soarte fan Frysk skoalmasterke, jo kenne se wol, altyd in trui oan, shag smokend en in soarte fan eptich Frysk pratend, dêr’t jo net goed fan wurde.

‘No frou, helje jo de keukentrep der efkes by? It is wer de tiid fan it jier, it plechtige momint is oanbrutsen.’

It mantsje krijt de sulveren pyk út de doaze. It ding skitteret yn it lampeljocht. De grutte krystbeam is al moai fersierd troch syn frou, der hingje neist krystballen ek herderkes en skiepkes yn en de hiele beam is omwuolle mei fyn, sêft glânzgjend ingelehier.

‘En no efkes stilwêze, de televyzje moat ek efkes út.’ Oprah Winfrey hâldt einlings har snetter ris. In plechtige stilte daalt del yn it lytse hûske. It keardeltsje klimt it trepke op en mei in floeiende beweging set er de pyk boppe yn de beam. Dan daalt er stadich del en knikt nei syn wyfke. Har eagen wurde fochtich. Tegearre rinne se trije kear om de beam hinne en preuvelje ûnfersteanbere, tsjustere spreuken.

Dêrnei is it tiid foar sûkelarjemolke mei in bytsje Beerenburch der troch.

Earder ferskynd op Text Tv

2
Leave a Reply

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
KnillesMindert de wit Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Mindert de wit
Guest

Frysk Skoalmasterke
It docht bliken dat de emansipaasje noch net alhiel yn ús djip-Fryske provinsje trochkommen is. Faaks is itselde mantsje dat de pyk yn ‘e beam pleatst dan ek dejinge dy’t sneins it fleis oansnije moat?
Yn jo stikje wurdt in prachtich byld sketst hoe’t der yn wêzen sels noch anno 2010 (staks 2011) tocht wurdt. Soe ’t ea in kear`feroarje?
En wa moatte der dan feroarje, de wyfkes of de mantsjes?
We sjogge wol, no Knillis?
Fyn wykein tawinske.

Mindert