De slegte kening

Ja minsken, it is safier: Kening Kees is by de Slegte synjalearre. Dan wurdt it heech tiid foar in nij boek soene jo sizze en sa is’t! Lykwols, dat nije boek, in dichtbondel mei 33 fersen, is op 11-09-2010 al foltôge, en wachtet no iensum en eangstich op de dei dat er it deiljocht einlings ris sjen mei. Ik hâld de titel fan de nije bondel noch efkes foar my. Dat it in… eigenaardige titel is, dat stiet lykwols fêst.

En dan komt alwer in nij projekt yn sicht: it skriuwen fan in bondel koarte ferhalen. Oant no ta allinnich mar (wiidweidige) oantekeningen makke. Ik hoopje dat my de rêst gund wurdt om it boek it oare jier te foltôgjen.

Dus.

De Moanne en ensafh foelen tagelyk by my in de bus en dat is gjin tafal fansels… Sil ik wer ris in besprek fan de Moanne meitsje meikoarten? Fan ensafh kin dat fansels net, om’t ik sels redakteur bin… Mar ik mei dochs wol sizze dat it wer in plaatsje is! Moaie foto’s en gedichten fan Helena de Boer ûnder oaren…
Moarn wer in nije digitale ensafh.

Haw pizza iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of