No bin ik my der fan bewust dat ik de lêste tiid tige kritysk útlitten haw oer it Ynstitút dat Tresoar hjit. Dat soe eins net nedich wêze moatte, want op himsels is der neat mis mei, dy minsken dogge ek har bêst, meie wy oannimme fansels. Oer de (eks?) literatuerbefoarderer haw ik al genôch skreaun. Gjin wurd mear.
Mar wêr binne se no yn ‘e goedichheid mei dwaande? Foar de Moanne fan it Fryske Boek hat Tresoar Hylke Speerstra frege om it kadoboek te skriuwen. Wa betinkt soks? Speerstra is tink, mei Rink van der Velde silger, de bêst ferkeapjende Fryske skriuwer. Dat hy hat de ekstra reklame hielendal net nedich. Tresoar is neffens my wanhopich op syk nei mear oandacht foar de Fryske literatuer. It probleem is: Speerstra skriuwt gjin literatuer, mar folksboeken. Op himsels ek neat mis mei. Dus Speerstra is no spearpunt (hahaha) foar de Fryske Literatuer? Wiene der gjin literêre skriuwers te finen?
Ik kin it net mear folgje.
Haw bakje iten opwaarme
Ha Froukje! Do ek mar de bêste winsken! Bin benijd nei it essay….
fr gr cor
Ha Knilles, tocht…haw al in skoft net op it hiem fan de strúnder út Snits sjoen. Dat dêr bin ik efkes om dy in sûn en literêr 2011 ta te winskjen. Tafallich bin ik op it stuit mei in essay oer literêre sjoernalistyk dwaande. Lês (resinsjes fan) It Wrêde Paradys It Ferfolch dêrfoar fan maat Speerstra. Sil my fierder foarearst fan dizze diskusje ûnthâlde. Cheers!
As it bedoeld is om mear twivelders oer de streek te skuorren, dan kin ik my yntinke dat se krekt in skriuwer as Hylke Speerstra frege ha. Hy skriuwt tagonklik, werkenber en hat, sa ast al seist, gjin reklame nedich: hy is reklame op himsels, ast dat no leuk fynst as net. Minsken dy’t net gau in Frysktalich boek keapje, sille faaks oerstaach gean, as se der in boek fan Speerstra by kado krije. Hoopje ik, teminsten. Mar dan ha’k it allinnich oer de ferkeapsifers. Se besykje wat. Hokker jonge Fryske skriuwer biedt himsels oan en skriuw fergees wat? Dan… Read more »