Cornelis van der Wal

Kibbeling foar de wyn

No, it is my no wol dúdlik, dat ik net op Grien- oftewol Groen Links stimme sil. Se wolle Fryslân ôfskaffe! No way, José. Nee, dochs mar wer de SP, hoewol’t dy ek net sa foar it Frysk binne. My tinkt dat Cohen wol genôch stimmen kriget.

Ik stie yn bestân en reizgje hjoed rjochting Grins, foar de promoasje fan Johanneke Liemburg. Ik kom der spitigernôch net oan ta. Haw myn skriuwwurk wat lizze litten, dat ik moat de skea ynhelje. Jûn wer in gedicht, is it doel.

It waait hjir yn de Súdwesthoeke folle hurder as dat ik wend wie yn de omkriten fan Grins. En net ien dy’t der wat oan docht.

Jûn wer kibbeling mei bakte rjappels.


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.