Josse de Koe

It hâldt de gemoederen noch altyd dwaande: de lêzing fan Hylke Tromp. Neffens de oars tige wurdearre stjoerder.nl wie it in grut súkses: “De earste lêzing, troch Hylke Tromp, wie in grut sukses. Sasear sels dat der in bootleg opname op it weblog fan Cornelis van der Wal kaam te stean.” It stikje op Stjoerder giet oer de lêzing fan no tiisdei, fan Bouke Oldenhof. No, wês mar net benaud: dêr kom ik net. Ik mei net oer toaniel, al dat geraas en getier… Bah! Op papier is it noch wol te fernearen. Ik mei ek net oer Bouke Oldenhof, alwer sa’n misbrûker fan syn macht… Dit is em:

En ik sitearje noch efkes de reaksje fan Josse de Haan op skoalmaster Tromp, der binne altyd minsken dy’t it mist hawwe:

“Doe’t Gerrit Kouwenaar Tromp frege: ‘Begrijpt u een koe?’, neidat Tromp him sein hie dat er neat fan de poezy fan Kouwenaar begreep, wie Tromp ferslein. Kouwenaar frege yn feite oan Tromp: ‘Ken je Gerrit Achterberg?’, want Gerrit Achterberg hat it gedicht DE DICHTER IS EEN KOE skreaun (yn ‘Eiland der ziel’).
Lit us sizze Cor: Tromp hat yn al dy jierren net sa’n soad byleard, krekt genoch om de middelskoallefamkes en -jonkjes mei grapkes om de earen te slaan – klisjees fan foar de eksperimintele dichters. Yn dat hele stik stiet oer poezy neat wezentliks.”

Dat, Stjoerder, sa’n súkses wie it net! De iennige dy’t it geweldich fûnen dat wiene… Tromp sels en syn famylje.

Ik bin wer frijwol ynoarder, dat jûn makaroany.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Martsje Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Martsje
Guest
Martsje

Dit soarte fan pertretten meist yn’t foar wol foar warskôgje om my…