Ôfpriisde Pollema

Ah, de loft is opklearre tusken my en de krante. Dat ik bliuw gewoan besprekken skriuwen. Dus. Eardere berjocht is al oanpast.

Bin yn de samle ferhalen fan Bokke R.S. Pollema oan it lêzen. Lok en Lijen. Falt my net ta, yn earste ynstânsje. Trinus Riemersma neamt him yn syn neiwurd ‘in nuversma’, mar giet der fierders net op yn. Ik wol foarbylden! Faaks wit ien fan myn gelearde meilêzers wat mear te fertellen? Tragysk oars, dy Pollema!

“Bokke Reinder Pollema groeide op op de âlderlike pleats yn de omkriten fan Snits. Nei de middelbere skoalle gie er as studint nei it westen fan it lân, hy studearre ûnder oaren in skoftsje yn Delft. Dy stúdzje makke er net ôf. Hy kaam werom nei Fryslân en sette him nei wenjen yn Huzum by Ljouwert. De kost fertsjinne er as sjoernalist, it measte skreau er foar de krante fan Hepkema op It Hearrenfean. Pollema wie in iensume man dy’t gjin frou oan him wist te binen en it nearne rjocht fine koe. Hy hat nei Huzum noch yn Amsterdam en Snits taholden, de lêste jierren fan syn libben wenne er yn Drylts. Dêr waard syn lichem op 21 septimber 1948 fûn yn de Geau, hoe oft er te wetter rekke is, is nea rjocht dúdlik wurden.”

Sil ôfpriisde pizza bakke.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *