Faaks bin ik wat te betiid mei myn krityk, want de side is noch net iens online. Hokker side? No, ik doel fansels op sirkwy.nl. Net hielendal orizjineel ek, dy namme. Der bestiet al in moai skoft it Literêr Sirkwy ommers. In wat minder betiizjende namme hie faaks better west. Mar my wurdt neat frege.
Myn krityk hat te krijen mei it stik fan Sietse de Vries fan 26-03-2010 yn de Ljouwerter Krante. De topsjoernalist hat in petear hân mei Teake Oppewal, de baas fan Literêr Fryslân.
Wat hâldt dat Sirkwy no eins yn? Frysktalige boeken dy’t net mear yn ‘e hannel binne fia printing on demand oan de man sjen te bringen. Der wurdt in rige nammen fan skriuwers en titels neamd dy’t as earste oan bar komme. It binne hast allegear romans. Ek wurdt in streekroman fan Abe Brouwer, De gouden swipe, as ‘ûnbetwiste klassiker’ betitele. It moat fansels net te dreech wurde.
Dat sil ek de reden wêze dat de poëzij by Sirkwy op it twadde of tredde plan komt. Earst oer in pear jier binne de earste dichtbondels fia de side beskikber. Ik fyn it in grut skandaal, Tresoar moat har skamje. Dat kin dochs wol in bytsje gelyk opgean? Ik neam mar wat: tsien pulpboeken en ien prachtbondel? De kwaliteit fan de Frysktalige poëzij is oer it generaal heger as dy fan it Fryske proaza. Mar kwaliteit en eksperimint fine de minsken efter Sirkwy blykber net sa wichtich. Ferkeapkanonnen, dêr giet it om.
Sirkwy wol ek it lêste literêre nijs bringe. Dat docht ensafh no al. Wurdt dus in konkurrint.
Mar faaks falt it allegear wat ta, earst dy side mar ris besjen. It kin ek wêze dat de hear De Vries it in bytsje ferkeard opskreaun hat. Dat docht er wol faker.
Ja, der is hjoed ek in nijsgjirrich sympoasium, mar dat gesjong fan dy Bennie Huisman der tuskentroch, dat witte wy no wol, dêr kin ik net mear oer.
Haw juster nasy iten en jûn yt ik brune beane mei spek.
Post a Comment