Pake post-punk fertelt

It is gefaarlik, alteast foar my persoanlik: de muzyk fan Joy Division. Der hawwe tiden west – doe wie der noch gjn ynternet, gjin cd’s, lit stean mp3’s, leave jonges en famkes – dat ik de twa grutte LP’s fan dizze groep út Manchester efterinoar griis draaide. Dagen lang.

Krekt dizze dokumintêre sjoen. Nee, net kocht. Wat wie dat eins, dy Ian Curtis? Der sit wier wat fan sjamanisme en besetenheid yn syn persoan. Hy dûnse en ferweechde as in epileptikus op it toaniel. En waard dêrnei in wiere epileptikus.

Ja, gefaarlik, om’t ik der tige depry fan wurd, en dan nei stimulantia gripe wol. Neu, gjin swier guod hear. No sa, pake fertelt.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=IsT_PvMR4j4&feature=related[/youtube]

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of