No minsken, it is dan einlings safier: jo favorite dichter, skriuwer ensafh is dochs mei namme neamd yn de rige lêzings fan Sirkwy Seminar. Is’t net prachtich? Ik lies it juster al op twitter, mar hjir kinne jo it allegear ris neisjen, by Friezehater, idelteut en minor publisist Coen Peppelenbos. Peppelenbos komt oars ek foar yn myn novelle Kening Kees, mar dat sil er wol net lêze kinne.
Coen Peppelenbos
Oer dy lêzings sprutsen. Hawwe jo ôfrûne snein ek wer harke nei de grutte literatuerkenners fan Omrop Fryslân? It stoute mantsje Tromp, ek wol bekend fan de muzykgroep Suertsje fan Peazens, wie it yn de wei dat Alpita de Jong yn har lêzing oer it Fryske proaza it wurk fan Bouke van der Hem net neamde. Hjir kinne jo dat weromharkje. . Tsja…
Doch eat mei rys en hin fannejûn. Nei alle gedachten wurdt it opiten.
Post a Comment