Sûnder titel

Dit is net leauwen, sa tocht ik doe’t it folgjende artikel fia Twitter by my yn ‘e hûs kaam: ” Friesland en Leeuwarden mogen niet meepraten over de toekomst van het cultuurbeleid in ons land. De stad Groningen kan de belangen van heel het Noorden prima vertegenwoordigen, vindt het ministerie van cultuur.
Daarmee ligt het lot van gesubsidieerde instellingen zoals het Princessehof, Oerol, Tryater en Tresoar in handen van de Groningse wethouder Ton Schroor.
Lastig is dat hij alleen verantwoording schuldig is aan zijn eigen gemeenteraad. Meepraten is juist nu van belang vanwege het grote aantal bezuinigingen dat op stapel staat.” (Leeuwarder Courant).

Daliks nei de byb hjir yn Snits toffele, en ik hie gelok: de nije, papieren Ljouwerter kaam krekt binnen. Mar it is dus al wier, en Jannewietske fynt ‘dat dit net kin.’ No, dat hie noch wol wat fûler kind, tinkt my. Se sille oan it lobbyen… Alwer in moaie oanlieding om dochs ris nei te tinken oft wy ús net ôfskiede moatte. Se geane der yn Den Haach fanút dat it ien pot nat is, dat hiele Noarden.

Lykwols, dit falt allegear yn it neat wannear’t jo de kollum fan Trinus Riemersma fan hjoed lêze. De kanker hat syn wrede kop wer opstutsen, en neffens Trinus binne de prognoases net al te bêst.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Grutte Pier Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Grutte Pier
Guest

Op nei it Fryske Andorra, no.