Redbad Rames

No, dat wie in moaie middei yn Stiens. Nijsgjirrige foardrachten en Kramtried kin útgroeie ta in wichtige band yn it Frysktalige Metal-barren. Ik kin ek útgroeie, mar doch oan de lijn. Fannemoarn 77 kilo. Hat wolris mear west. Mar ik haw myn kop ek wer milimetere, dat skeelt faaks wer wat gewicht.

Ûnder de taharkers wiene Abe de Vries en Willem Schoorstra. Abe hat opname’s makke mei syn nije kamera. Hooplik sjogge wy dêr wat fan werom op syn bloch! En mei Willem it idee besprutsen fan in rûge rockband, besteande út Fryske skriuwers. Ik soe dan fansels wol wat mei de elektroanika dwaan kinne. Of sjonge. Wa docht mei? Der komt ek al gauëftich in nije roman fan Schoorstra út. Wat wie de titel no ek wer? Eat mei Redbad, wol’k leauwe.

Ineke Wolf wie der ek!

Minsken fregen nei it útkommen fan myn nije bondel Kristus Pavlov. No, dy haw ik al op 11-09-2010 ynlevere, mar de ynstânsjes stelle har beslissingen hieltyd út, dat de útjouwer en dichter witte no noch net wêr’t se oan ta binne. Dit is de gearstalling fan de kommisje dy’t giet oer it al as net subsidiearjen fan de bondel: Eric Hoekstra, Alpita de Jong, Hylke Tromp en Redbad Veenbaas. Nee, ik sis neat.

Bamy rames

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

5 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Okke Breilip
10 years ago

Hâld ús – of yn elts gefal my – op de hichte fan it ferskienen fan de bondel Kristus Pavlov !

Fryslân (pvv-)Frij!

@te
@te
10 years ago

Ha! Krektas The Rock Bottom Remainders. Goed plan. Ik kin ek wol aardich op in gitaar ombeuke. Dus.

josse de haan
josse de haan
10 years ago

Lykas Moskovitch docht mei syn opponinten moasto Tromp – rankuneus en net op de hichte mei it soart poezy datsto skriuwst – en De Jong (hat noch nea in sinnich wurd oer poezy sein) wrake. Ik fyn trouwens dat in kommisje bestean moat ut 3 of 5 leden. Hjir hast kans dat de stimmen stake. Set dyn utjouwer oan it wurk, en begjin sels te bidden. Dat dogge se hjir yn Spanje ek as it net reine wol. Dyn poezy is wol in buike wurdich.

Geart
Geart
10 years ago

Sa’n skriuwersband, ik bin derby!