No, it is in merakel. Op sawat deselde dei dat de subsydzje der troch is, ek al reklame foar myn oangripende, mar noch te ferskinen dichtbondel Kristus Pavlov.
De Lêzing fan Doeke Sijens oer de Fryske biografy stiet no online, hjir klikke. Oan de ein hat Doeke it oer dit webloch, spitich dat er in ferkearde link jout. Dan komme jo by Eric Hoekstra syn pamfletten telâne, ek net ferkeard oars, mar gjin Knilles, dus.
En oer dy titel? Ik lis it net út, jo moatte it boekje mar keapje.
P.S. Ah! de link is oanpast, mar it dokumint hat in oare namme krige, dat mar wer opnij dellade!
Ik waarmje jûn wer in ôfpriisd bakje iten op.
Goeie jonge je dy Doeke!