Omrop Fryslân: propaganda foar PVV + antwurd omrop

Ik haw niiskrekt in mail oan de redaksje fan it *kuch* kulturele radioprogramma Buro de Vries stjoerd. Fan Omrop Fryslân, jo kenne it wol. Gjin oandacht dus foar Fryske literatuer, mar wol foar ekstreem rjochtse Grifformearden. Hjir nei te harkjen, mar dat soe ik better mar net dwaan.

Ald-SGP’er Otto van der Galiën, de motor fan de Fryske PVV

Wêrom stapt in suksesfol en prinsipjeel steatelid fan de SGP oer nei de partij fan Geert Wilders?

Dy fraach waard faak heard doe’t bekend waard dat Otto van der Galiën nûmer 2 stie op de list fan de PVV. Buro de Vries gie op syk nei it antwurd en makke in ôfspraak mei Van der Galiën. We moeten him yn Broeksterwâld, it doarp dêr’t er opgroeide….

Yn petear mei Otto van der Galiën

“Bêste redaksje,
mei ik freegje wêrom jim de PVV yn de persoan fan vd Galiën in poadium jouwe op de radio? Jim soene jim skamje moatte.

Heechachtsjend: Cornelis van der Wal”

P.S. antwurd fan de Omrop:

Achte Van der Wal, bêste Cornelis,
Tige tank foar jo reaksje op ús programma. Jo freegje werom’t de PVV yn de persoan fan Otto van der Galiën in poadium krige yn ús radioprogramma Buro de Vries.
Sa’t jo witte, sitte de steateferkiezings der oan de kommen en docht ek de PVV dêr oan mei. Sjoen de stipe dy’t dizze partij hat, en de faktor dy’t er yn de lanlike polityk spilet, is it logysk dat de Fryske media hjir omtinken foar ha.
Yn Buro de Vries ha we geregeld wat langere petearen mei minsken dy’t, yn ús eagen, nijsgjirrich binne of earne in opmerklike fyzje op ha. Fanwege syn oerstap fan de SGP nei de PVV, falt Otto van der Galiën neffens ús redaksje seker yn dy kategory. De fragen dy’t we dêr by hiene, ha we him foarlein en dêr hat er op reageard. En sûnder yn debat te gean (dat dogge de oare politisi wol) bin der yn it petear geregeld fraachtekens set, en soms sels mear as dat.
It heart by ús taak om de Fryske kiezer te ynformearen oer it ferskaat oan partijen en politisi. Underskied meitsje we dêryn net, dat docht úteinlik de kiezer sels, yn it stimhokje. Wy soene ús skamje moatte at we de kop yn it sân stutsen en krekt diene as bestie de PVV net. It is oan ús om de Fryske boarger te ynformearen, it is oan de Fryske kiezers om te bepalen wat se mei dy ynformaasje dogge.
Freonlik groetsjend,

René Koster

7
Leave a Reply

avatar
7 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
josse de haanGrutte PierBuro InteralphanskeSneek NLNog1GerardM Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
josse de haan
Guest
josse de haan

Wy halde fan poeskes, huntsjes, lytse popkes en noch lytsere baarchjes – wy nimme se yn us earmkes en laitsje leaf sa’t dat neffens de histoarje wenst is. Dan roppe wy de fotografen en de kamera’s, en litte sjen dat wy mar heel gewoane minsken binne – wy halde ommers fan beeeeeeesten.

Grutte Pier
Guest

Wat no? In Fryske boykot fan Wilders? It moat net maller wurde, no.

josse de haan
Guest
josse de haan

Hawwe se it noch oer dat famke ut Sint Anne han? Dat famke dat har klear meitsje moat foar de stiennen yn Afganistan??? Gjin Albania, mar Afgania. We moatte de saken al skiede, Pier. No sa.

Grutte Pier
Guest

It liket hjir wol Albanië, no.

Buro InteralphanskeSneek NL
Guest

Iek bin it folkomen mei Knilles eens. ‘n mankeerden SGP kriet sendtyd op de roadio Iek hew der niks fan vernomen, dot hy nijsgjirrich ies of earne in opmerklike fyzje het. ‘t wie allegar aalde wyn yn nieje sekken. ‘t wie kwasiekritys van een buro mei hooltsplinters kaipe by ikea

Nog1
Guest
Nog1

De Omrop werkt met belastinggeld en moet dus ruimte geven aan iedere politieke partij. Dus ook de PVV.

Wel had dit misschien in een ander programma gemoeten.

GerardM
Guest
GerardM

De Friezen binne de kampioenen fan it Politiek Korrekte. Hulde!!!!