Ik hie in pear dagen gjin televyzje, dat wol sizze: gjin ûntfangst. Siet efkes tusken twa oanbieders yn. Dat wat dogge jo dan: jo brûke de kompjûter noch mear as oars om it nijs by te hâlden. Fansels in soad nei de Ingelsktalige Aljezeera sjoen, mei ûnder oaren kranksinnige diktators yn lûd en byld.
Mar der is uteraard ek noch Uitzending Gemist. Jo rinne dan al wat achter, mar dat bin ik wend, as Fries. In foar in part nijsgjirrige útstjoering is dy fan de Fryske Kanon oer Douwe Kalma. Ik bin spitigernôch wat allergysk foar Freark Smink, wannear’t er syn toaniellûd opset. Hy kin ek wol gewoan prate, sa docht yn dy útstjoering bliken. It sil grif in aardige man wêze, mar wêrom hieltyd dat geraas? Ik bin net dôf hear, ek al bin ik 55+.
Watsei?
Sil jûn tink nasy meitsje, haw yn elts gefal al in grutte panne rys oer fan juster.
Post a Comment