Ha goeie. Wie jo dat ek al opfallen? Ik fyn it in bytsje sjenant om it der oer te hawwen. Se soene dochs better witte moatte. Mar ik moat it dochs registrearje, in oar docht it net.
Ik haw it oer it resinsjebelied fan de Leeuwarder Courant, ek wol Ljouwerter Krante neamd. It is dêr nammentlik wisânsje om kollega resinsinten altyd daliks te besprekken, wannear’t dy sels ek in boekje útbrocht hawwe. Dy krije dus in foarkarbehanneling. En it is dan ek altyd in posityf besprek, dat is tink yn it foar al ôfsprutsen. Yn it ferline waarden de Nederlânsktalige dichtbondels fan poëzijresinsint Remco Ekkers ek fuortendaliks besprutsen. Altyd geunstich. It makket net út hokker grutte nammen in bondel útbringe: de publikaasje fan in kollega giet altyd foar.
Juster stie der wer in foarbyld yn de Freedsbylage. Eppie Dam besprekt syn kollega, Coen Peppelenbos, resinsint Nederlânsk proaza, syn nijste dichtbondel. Noch mar krekt fan de parse rôle. Hy fynt it moai, dat seit himsels. En dat wylst it wurk fan Peppelenbos op syn bêst as marzjinaal te kwalifisearjen is. ‘Coen Peppelenbos bereikt in zijn gedichten een wonderbaarlijk evenwicht tussen ernst en vrolijkheid.’ Yeah right.
It muoit my tige, mar ik kin sok kollegiaal mekoar de fear yn de kont stekken net serieus nimme as besprek. Ik soe it sels net dwaan, yn elts gefal. Jo moatte altyd de skyn fan partijdigens mije.
En dan sil aansens wol wer de wraak komme, om’t ik de wierheid doar te sizzen. It moat dan mar!
Klik hjir foar Dam syn artikel, it stiet op de side fan Peppelenbos. Hast net te lêzen, om’t Peppelenbos net allinnich problemen mei it dichtsjen hat, mar ek net sa goed mei in skenner omgean kin.
Waarmje jûn bakje ôfpriisd iten op.
Comments 3