Cornelis van der Wal

Snein fan stúdzje en skriuwen

Bin wer hielendal yn de astrology, de âldste wittenskip, sa’t jo witte. In stúdzje dêr’t jo nea op útsjoen reitsje. En it hat neat sweverichs, alteast net sa’t ik it benaderje. Ik gean hieltyd mear oer nei de klassike astrology, lykas beskreaun troch William Lilly en fierders komt ek wer de jyotish nei boppe, de âlde vedyske astrology út Yndia. Allebeide takken fan de astrolgy dy’t net mei psychology oankomme, mar mei praktyske foarsizzingen.

Hjir fine jo in moaie list mei fergese programma’s, yn it Frânsk, mar dêr komme jo wol út tink! Jo binne dochs in interlektuaal, oars liezen jo dizze side ommers net.

Fierders sil ik hjoed, en moarn, wer in besprek skriuwe, oer wa… Jo lêze it meikoarten wol. En fierders fansels de blochfragminten fan ensafh byhâlde. Der bart net in soad de lêste dagen.

Jûn gûlash opwaarmje, mei rys.


Posted

yn

troch

Tags:

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.