Bakje suertsjes

Ja, al te stimmen west. De twifel wie grutter as ea tefoar, mar dan dochs op in partij stimd dy’t neat mei Den Haach te krijen hat. Ik jou de FNP dus it foardiel fan de twifel, no moatte se har stjonkende bêst al dwaan!

Heden, ik kom ek foar yn ‘Red ons van de dichters’ fan Menno Wigman. In koart stikje, mar ik bin dan al yn it selskip fan grutten as Baudelaire, Rimbaud, Trakl, Lasker-Schüler ensfh. Dy hawwe jo dochs wol lêzen? Nee? Gau bestelle! Of nei de bibletheek! Yn elts gefal, ik bin de iennichste Fryske dichter yn dat tige meinimmende boek. De oare Fryske skriuwers, dat binne ommers foar it grutste part suertsjes, skoalmasterkes. Jo fiele jo oansprutsen?

Waarmje jûn bakje iten op.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments