Kening Feest

Watsei? Nee, sirkwy.nl jout gjin antwurd op myn mails, gjin ekskuses ek. Ûnfatsoen en ûnferstân/ se rinne hân yn hân.

Lykwols: it stikje is in pear tellen lyn oanpast. Moai sa, tankewol. Wêrom meitsje ik my no eins sa drok oer in amateuristyske flater dy’t grif net ferkeard bedoeld is? Dêr gean ik alteast fan út.

It stikje oer myn novelle Kening Kees makket diel út fan in oersjoch fan alle kandidaten foar de Gysbert 2011, diskear foar proaza. No mien ik net dat ik him winne sil, ik meitsje gjin kâns, it wie ommers mar myn earste proaza-boek. It giet om it prinsipe. Jo meie dochs ferwachtsje dat sa’n list sekuer opsteld en skreaun wurdt. Wie dus net sa. De sjuery lêst dy list fansels ek, en kriget sa ferkearde ynformaasje, dy’t ynfloed hawwe kin op har beslissing. Dêr giet it om.

Mar dit koe der ek wol wer by, by alle ellinde dy’t Tresoar cs yn de rin fan de tiid oer my útstoarten hat.

No is it klear, ik haw ek myn skjin nocht fan dy… Lit mar.

MOARN IS IT FEEST!

Waarmje jûn bakje iten op.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of