Trinus & harkboek

In grut skriuwer weirekke: Trinus Riemersma. En de Ljouwerter skriuwt in In Memoriam, yn it Hollânsk. Tsja. Ik sil in kollum skriuwe oer Trinus foar de ensafh fan freed. Nee, dy kollums binne net sa goed as Trinus synt.

Abe de Vries hat in harkboek útbrocht. Liket my tige nijsgjirrich, mar dat de útjouwer dit it earste Fryske poëtyske harkboek neamt, liket my net alhiel wier. Dêrom mar wer in mail stjoerd! It hâldt ek nea op, dat brek oan brein. En dan hawwe wy it noch net iens oer ús Tsjêbbe! Dat wêr slacht dat op!

Achte hear Schotanus,

Jo advertearje mei de slogan dat it audioboek fan Abe de Vries it earste poëzijharkboek yn it Frysk is. Dat moat ik tsjinsprekke, al yn 2007 publisearre ik de sprutsen ferzje fan Hûn oan ‘e himel. Hjir te beharkjen. Krekt as by de, mei troch jim organisearre lêzing fan de hear Tromp, liket Audiofrysk ek hjir it bestean fan de dichter Cornelis van der Wal te ûntstriden.

Mei heechachting:

C van der Wal

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
anne feddema
anne feddema
11 years ago

Ja Cor…mar ek dream yn blaue reinjas…dvd…byld en lûd!!!

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x