Motteballen mei wyn

Ha, Sinne! Goeie, Knilles.

Dat wie in skoft lyn, dat ik op it balkon sitte koe. No ja, it koe fansels al earder, mar dan hie ik it faaks net oerlibbe. Lekker lêzen. Der komme noch gjin boatsjes del, mar dat duorret net lang mear. Ek myn EEE út de motteballen helle, en wat skreaun oan in besprek. Fan wa? Jo lêze it meikoarten yn it Deiblêd.

Oer besprekken sprutsen: soe Elske S. no wer in brief nei de krante stjoere om’t A. Hut in minne resinsje yn de Ljouwerter krigen hat? Ik moat nammers sizze dat jo ek te fier gean kinne, jo moatte gjin persoanen ôfbrekke as besprekker. Seker net wannear’t jo josels in kristen neame. Ik haw it sels yn in fier ferline ek wol dien, hie net sa moatten.

Waarmje fan alles op aanst. Kin noch net bûten ite, it wurdt al wer wat te kâld. Wyn of wetter derby? Ik twifelje noch.

5
Leave a Reply

avatar
5 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
5 Comment authors
Josse de HaanKnillesEppie DamKnillesAbe Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
Josse de Haan
Guest
Josse de Haan

As it mei Cor, ik wol noch wat sizze oer de bondel TIN fan Arjan Hut. Ik fyn it in nijsgjirrige bondel gedichten, dy’t boartlik oerkomt, soms even blasfemysk it mes der yn hout. Boartlik, kritysk en foaral mei in nij ritme, dat de estetyske lezer yn de bulten jeit. Ja, ek Dam wurdt alder, wit faaks, sa’t er skriuwt, wat krisissen binne, mar ik tink dat Hut der noch lang net oan ta is. side 49: (De Fermisten – oan Uranus) ut dyn reade wangen at it moat mei de bleate hannen at it moat mei myn busmes at… Read more »

Eppie Dam
Guest
Eppie Dam

Hoi Cor, Do meist fan myn besprekken fine watst wolst, foar mij jildt itselde as ik wat fyn fan in poëzij-útjefte. Arjan Hut hat yn myn eagen in tige meagere, bloedeleaze bondel skreaun. As ik dat net sizze kin, hie ik it resinsearjen gewurde litte moatten. It is flau fan dij om te sizzen dat de helte fan myn besprek oerskreaun is fan in webside, wylst it yn werklikheid om in lyts persintaazje giet. Boppedat ha ik de sitearre fragminten helder oanjûn. Mar it is der bytroch om te sizzen dat ien dy’t himsels kristen neamt, dêrom syn oardiel net… Read more »

Knilles
Guest
Knilles

Ha Abe! Ik wol der net te lang en te djip op yngean, want dat soe betsjutte dat ik foar A. Hut yn de bres springe soe. Noch nea fertoand. In besprek dêr’t de helte fan oerskreaun is fan in webside en dat hielendal gjin foarbylden en arguminten jout en fierders allinnich mar negatyf is… En wat ik der fier op troch fyn is: ‘..Foar dizze meagere fersen is feitlik gjin publyk foarhannen’. De kultuerredaksje hie yngripe moatten. Dus.

Abe
Guest
Abe

Ha Cor, fierder nergens om, mar ik fyn dyn opmerkingen oer Eppie der by troch. Ik leau dat Eppie yntegere kritiken skriuwt, mei ferstân fan saken, besprekken dy’t faak raak binne yn de romte fan de pear hûndert wurden dy’t de krante ha wol. Dy’t it in kear net mei him iens is, of in bondel út in oar perspektyf wei besjocht, soe besykje kinne om punt foar punt út te lizzen wêrom net? Weblogs binne de gaadlike plakken foar sokke eksersysjes. Groetnis! Abe