Literêre fytstocht 2010 (02)

Treflik fytswaar wie it, net te waarm, net te kâld en net al te folle wyn. Dat ik fytse hjoed efkes hinne en wer tusken Snits en Ljouwert. Der lei in boek foar my klear by Tresoar. Gjin literêr boek, mar in biografy oer in mystikus. Nee, ik sis net hokker, wat dan reservearje jo it wer, en haw ik minder tiid om it te lêzen. Ik fertrou jo foar gjin sint.

Hinne fia Boazum en Mantgum, werom fia Boksum en Reahûs. Ik begjin al aardich thús te reitsjen yn de topografy fan dit stikje Fryslân.

Dat it in literêre fytstocht waard, wie te tankjen oan de ferneamde útjouster en skriuwster Jitske Kingma, dy’t ik by Tresoar trof. Se hie in plestik tas fan de Mitra by har, mar der siet neat yn, sa sei se. Alteast gjin drank.

Mei ik jo efkes wize op dizze side? Stean twa hiel nijsgjirrige pamfletten fan Eric Hoekstra op, de man dy’t ek de Bhagawad Gita oan it oersetten is.

Haw patat pinda iten.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of