Cornelis van der Wal

iP2 r90 en Wylde byldspraken

In pear moanne lyn haw ik fan in Geheimsinnich Persoan in hiele steapel iP2 r90 ‘ Rendez-Vous’ krigen, it ienmanstydskrift (want der wiene doe noch gjin weblogs) fan Josse de Haan. Literêr, mar ek polemysk. Ik bin se no allegear oan it trochlêzen. Konfrontaasjes mei Teake O. (ja ek yn 1994 hiene jo dêr al lêst fan), mei de literêre nitwit Tineke Steenmeijer (dy’t om ûnbegryplike redenen direkteur fan it FLMD wie) en neam mar op.

“Trinus Riemersma jout syn polemysk talint rom baan yn syn ienmanstydskrift ‘De Kul’ (1983-1985). Al hat it tydskrift noait in grutte oplage, mei syn polemyske toan foeget it wat nijs ta oan de Fryske literatuer. Itselde jildt foar Josse de Haan syn ‘ip2r90’, dat fan 1990 ôf ferskynt.”

Sa skriuwt de grutte gelearde drs. Bouke Oldenhof yn syn taheakke by Klaes Dykstra syn literatuerhânboek. Hjir hielendal nei te lêzen. Dêr  ek syn djipgeande analyse fan myn debút, dat er, sa sei er letter tsjin my persoanlik, nea lêzen hat: “Bolbjirken rigen fan wylde byldspraken steapelje har op yn ‘In nêst jonge magneten’ (1991) fan Cornelis van der Wal (1956). Parnassjaanske patetyk wurdt humoristysk ironisearre.”

Ik skrok dochs efkes fan it kankerferhaal fan Trinus Riemersma, dat wol in werprintinge fertsjinnet:  “Kanker, dat is neat foar my. In brutsen poat, dêr kin ‘k mei libje, mar kanker, allinnich kloatsekken krije kanker.”

Haw pankoeken mei spek bakt.


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.