Bêste freonen. Ik tocht hjoed wer ris oan it fenomeen tafal. Dat wol sizze, is it wol in fenomeen, wannear’t it eins net bestiet? Sa’t jo faaks witte bin ik in soad dwaande mei de stúdzje fan de astrology. Dat tafal, ik leau der net mear yn. Ja mefrou, it hielal sit ferhipte yngewikkeld ynelkoar. Mar wat lul ik.
Wêrom begjin ik eins oer tafal? Ik wie fannemiddei wer ris yn Tresoar, om boeken yn te leverjen en oare boeken wer mei te nimmen. Moat kinne, jo hawwe gelyk mefrou, mar hâld no ris op te eameljen en lit my myn ferhaal ôfmeitsje. Doch ris wat nuttichs. Eh… ik rûn dêr dus, yn dat gebou, rjochting útlienbaly. En wa dale dêr op datselde stuit by de trep del? Trije kear riede. Mis. Mis. Mis. It wie de kommisje Frysk fan it Letterenfûns, dy’t krekt dêrfoar gearkommen wie, om te beslissen oer de nije oanfragen wat wurkbeurzen foar skriuwers oanbelanget. Ek myn kreaze, leave freon Hylke Tromp wie der wer by. Se seagen my tige fernuvere oan. Faaks… Soe… Ik… sis better efkes neat.
Haw pasta opwaarme, slaad derby
Reagearje