Sosjale Moanne

Ik haw noch net nei ûnderen ta west om te sjen oft de nije papieren Moanne al yn de bus leit, mar de helte stiet al (fergees) op it net. Wit net oft ik diskear wer ris ien fan myn romrofte besprekken skriuwe sil. Ik wol der no yn elts gefal al in pear artikels útljochtsje: in tige nijsgjirrige beskriuwing fan de libbensrin fan Trinus Riemersma silger. En in frijwat ûnnoazel stik oer sosjale media. Ja minsken! Ek yn Fryslân binne dêr al minsken mei dwaande. It soe ferbean wurde moatte!

Jûn de twadde jûn fan de kursus Sneekology! Kuiertocht troch de stêd en noch mear…

Ksil jûn stamppot woartels en sipels ite. Speklapke der by, tink.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of