Oprop: oan wa hawwe jo it mier?

Foar de minsken dy’t tinke fan: no, dêr is ek net in soad te rêden op dy side fan Knilles: jim hawwe gelyk.

Ik soe ek wer graach fan dy pratende kopkes meitsje wolle, mar it probleem is: wa moat ik oanpakke? De measte fijannen binne ferslein, se binne gûlend yn in hoekje krûpt, se binne âld, siik, swak en ellindich.

It is no oan de lêzers: oan wa hawwe jo ferskriklik it mier (útsein Knilles dan)? Wa fertsjinnet it om bespotlik makke te wurden? Nee, nee, gjin Wilders. It leafst in Fries, mar dat hoecht net perfoarst.

Reagearje op dit blochke, dan sykje ik de bêsten út. En dan meitsje ik der in moai filmke fan, lykas dizze:

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=g5clxgx6bUk[/youtube]

Haw makaroany mei hin en slaad iten. Twa gleskes reade wyn derby. Echt wier. No oan it bier. Dat rymt en smakket.

Leave a Reply

avatar

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of