Bin aardich kreatyf, mar ik klopje it efkes ôf, ris sjen, is hjir ek wat fan hout yn ‘e buert? Ik haw gjin houten kop, dat wurket dus net. De ûnderkant fan de tafel liket my wol gaadlik. Haw yn elts gefal juster wer poëzij skreaun, faaks hat it wat wearde. Letter mar besjen.
Bin neist allegear oare boeken ek yn Web van dromen, it deiboek fan C.O. Jellema oan it lêzen. Haw it al hast út, dat jo meie it reservearje by Tresoar. It lêst as in trein. Sit wol wat geëamel tusken, mar it measte is tige nijsgjirrich. Dus.
Fierders in stikmannich bondels om te besprekken foar it Friesch Dagblad. Dêr kin ik hjir fansels gjin weardeoardiel oer jaan. Lykwols… nee, nee, net dwaan…
Ja, kollega’s, meitsje jim mar klear: ik haw my opjûn foar de breinstoarm-jûn op 13 april yn Tresoar. Ik haw al wat ideeën yn ‘e kop. It komt sa net goed mei de Fryske skriuwerij.
Ik miende oars dat de Provinsje ek wat nije besluten presintearje soe, wat û.o. de Fryske literatuer oanbelanget. Hie dat al net wêze moatten? Oer it prizebelied en sa.
Sil bakje iten opwaarmje. 50% koarting by de Puis.
Post a Comment