Skriuwe foar De Moanne is ferbean?

Ik hâld hoe en wat en wêr en wa noch efkes Geheim, mar der komt in nije útwreiding fan myn no al behoarlik alsidige artistike karjêre: ik wurd Akteur yn in Film. Ik ken de tekst al hast út ‘e holle. It giet oer… Letter mear.

Ik seach earder dizze wike in bytsje hiel nuver op fan in berjocht dat my berikte: redakteuren fan Literêr Tydskrift ensafh meie gjin besprekken leverje foar it kulturele tydskrift De Moanne. Dy wurde wegere. En ik miende dat De Moanne no krekt in soad ferlet hie fan besprekkers… Foar de dúdlikheid: it giet net om myn persoan. Ik skriuw earst wer foar De Moanne as der ekskús komt foar dit mislike stikje fan de hear E. Hettinga, mei goedachting fan de doedestiidske redaksje. Ien dea winskje, dat fûnen se doe hiel gewoan en leuk by dit kulturele tydskrift.

Mar goed, blykber sjocht De Moanne ensafh as in grutte konkurrint. Slacht nearne op, want ensafh is it iennichste literêre blêd yn Fryslân, sa njonkelytsen. Jaja, skuld fan de Provinsje, mar sa lizze de saken. Dus.

Mar is it wier? Of leit it oars? Ik wit, ek leden fan de redaksje fan it kulturele tydskrift lêze dit blochke. Ik set him aanst ek noch efkes op facebook. Dat reagearje mar!

Sil aansens in salade ite. Earst noch in wytbierke. Dan wite wyn.

1
Leave a Reply

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
jelma knol Recent comment authors

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

  Subscribe  
Notify of
jelma knol
Guest
jelma knol

No, frjemde saak. De Moanne hat my wolris frege om in skriuwer te ynterviewen. In soad wurk oars: boeken leze, fragen betinke, nei de skriuwer tareizgje, ynterview halde, stik skriuwe, ensafuorthinne. Bist der samar twa dagen mei besteld. Mar leuk wurk hear, doch ik graach!

Alinne foar 69 euro giet dizze jildwolvin de doar net mear ut.

Jelma Knol